Brân yn sliepkeamer fan wenning yn Frjentsjer

06 jun 2019 - 21:07

Yn in wenning oan de Harnzerwei yn Frjentsjer hat tongersdeitejûn brân west. Dat wie op in sliepkeamer op de boppeferdjipping.

Foto: Srfotografie

Doe't de brânwacht oankaam by de wenningbrân, stiene de bewenners al bûten. It is net dúdlik wêrtroch't de brân ûntstien is. De brân is yntusken útmakke en de brânwacht hat de wenning fentilearre.

Trefwurden: 
brân Frjentsjer
(advertinsje)