Nije eigener jachthaven Zwartkruis lit oanwêzigens WO2-eksplosiven ûndersykje

De nije eigener fan de haven en it sjaletterrein Zwartkruis by Noardburgum wol ûndersykje litte oft der noch eksplosiven op it terrein lizze.
© Google Street View
Doe't it terrein opromme waard, binne resten fan munysje op it lân oantroffen. Dat komt noch út de Twadde Wrâldoarloch, doe't sketten waard by de brêge en it eardere flaaksfabryk. De eigener wol mei it ûndersyk sjen oft der noch munysje leit dat nea ûntploft is. It Ryk betellet 70% fan de ûndersykskosten.
De nije eigener wol ek oan de slach mei it terrein en op it wetter. Der moat baggere wurde en oanlisplakken wurde fernijd.