Famylje Van der Pol hellet jild op tsjin kanker: "Sa moai dat se dit noch meimeitsje mocht"

De teller fan de famylje Van der Pol út Wâldsein en Snits foar KWF Kankerbestrijding stiet op hast 20.000 euro. It jild ha se ophelle mei in Alvestêdetocht dy't se yn estafette draafd ha. Fjouwer leden fan de famylje binne troffen troch kanker.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De tocht krige oan de ein noch in aparte kear, fertelt Willem van der Pol. "De lêste etappe binne we start by ús tante thús. Dat wie in hiel emosjoneel, mar ek hiel moai momint, dat ús tante dit noch meimeitsje mocht. Se wie slim siik. Doe binne we nei Wâldsein draafd en de tocht folbrocht. In dei letter is ús tante ferstoarn."
"Letter tinkst deroer nei: wa hat no in gruttere prestaasje levere?", fertelt Van der Pol. "Dat wie ús tante. It wie foar har hiel swier mar se hat it rêden. Se hat it meimeitsje kind. Se hat sjoen hoe't elkenien derefter stie. Dat wie hertferwaarmjend."

Weardefol wykein

Foar de hiele famylje wie it wykein dus ek hiel dûbeld: "It wie in hiel droevich ein, mar de estafette wie hiel moai om te dwaan. Safolle enerzjy fan krigen. We ha lake en we ha fertrietlike mominten meimakke. Mar ast sjochst hoefolle minsken oft der wiene en hoefolle donaasjes oft we binnen krigen ha... it stribbedrach wie 2.000 euro en we ha no hast it tsienfâldige. In hiel weardefol wykein dus."
© Famylje Van der Pol
De ferwachting is dat se de 20.000 euro noch wol helje. De aksjepagina fan KWF rint noch troch oant dit wykein. Sa lang kinne minsken ek donearje. "It soe moai wêze as we de magyske grins fan 20.000 euro helje kinne."