Urgenda: heger wetterpeil yn natuergebieten op fean en beleanning foar boeren

06 jun 2019 - 19:44

De oerheid moat it wetter yn natuergebieten op feangrûn sa gau mooglik omheech bringe om de CO2-útstjit tsjin te gean en it ynklinken fan feangebieten foar te kommen. Dat seit duorsumens- en ynnovaasjeorganisaasje Urgenda yn oparbeidzjen mei in grut tal natuer- en maatskiplike organisaasjes.

As symboal oerlange Urgenda-direkteur Marjan Minnesma tongersdei in boerd mei it idee foar de wetterpeilferheging oan in fertsjintwurdiger fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Sy die dat op de buorkerij fan Sjoerd Miedema fan Haskerdiken.

Heech peil

Miedema hat in grutte biologyske buorkerij mei mear as sa'n 260 kij en buorket ekstinsyf. Al jierren wurket er suksesfol mei in hege wetterstân. Mar yn it ramt fan de ideeën fan Urgenda ferheget hy it peil nóch sa'n 10 sintimeter. "We wolle gewoan sjen oft it kin. En as it net kin no dan kin it net, dan witte we dat", seit Miedema. De bioboer fynt dat de útstjit fan CO2 op feangrûn folslein ophâlde moat.

Alle boeren

Minnesma is bliid mei boeren as Miedema, dy't harren lân foar in part as natuergebiet brûke. Neffens har lit Miedema sjen dat it kin en dat it ek noch ekonomysk helber is.

Boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Urgenda stelt foar dat de oerheid him de kommende oardel jier earst rjochtet op natuergebieten en op boeren as Miedema.

Uteinlik wol se graach dat alle feangreideboeren it wetterpeil ferheegje. Dat sil mear tiid kostje as oardel jier, begrypt se. Urgenda wol dat boeren dêr in finansjele fergoeding foar krije en wol de boeren dêr ek aktyf by stypje. Neffens har wurdt ferantwurde grûnbehear en oandacht foar greidefûgels net genôch wurdearre en beleanne. Dat moat oars.

Rjochtsaak

Urgenda sil ein juny yn gearwurking mei sa'n 500 oare organisaasjes, lykas de Fryske Miljeufederaasje, Natuurmonumenten, Vogelbescherming, in pakket foarstellen presintearje wêrmei't de oerheid foldwaan kin oan de belofte dat de útsjit fan CO2 yn 2020 sa'n 25 persint leger wêze sil as yn 1990.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It regear hat dy ferleging fan CO2-útstjit wol tasein, mar Urgenda sjocht dat dit net slagget. Al yn 2015 wûn de organisaasje in rjochtsaak tsjin de steat dat de belofte nijkaam wurde moat.

Minnesma giet derfan út dat de oerheid de útspraak fan de rjochter serieus nimt en mei de foarstellen oan de slach giet. Mar it is wol koart dei. Se seit dat Urgenda net in aksjegroep is tsjin de oerheid, mar dat se graach gearwurkje wol mei de oerheid om it CO2-probleem sa gau as mooglik oan te pakken.

(advertinsje)