Mûnestifting Súdwest-Fryslân krijt twa mûnen kado fan de gemeente

De mûnestifting Súdwest-Fryslân krijt twa mûnen kado. It giet om de achtkante poldermûne Rispens by Easterein en de Amerikaanske wynmotor by Itens.
Ruurd Jacob Nauta by poldermûne 'Rispens' © Omrop Fryslân, René Koster
Dizze mûnen wiene earder eigendom fan de gemeente Littenseradiel en giene by de fúzje mei nei Súdwest-Fryslân. Dy gemeente wol eins leaver sels gjin monumintale mûnen yn besit ha en draacht se dêrom oer oan de Molenstichting Súdwest-Fryslân.
Ruurd Jacob Nauta en Piet de Vries
Piet de Vries fan de mûnestifting Súdwest-Fryslân by de wynmotor fan Itens © Omrop Fryslân, René Koster
In stifting kin foar ûnderhâld en restauraasjes makliker jild út fûnsen krije en boppedat sit der by de bestjoersleden faak in soad kunde en passy foar dizze foarm fan erfgoed.

Ek noch 115.000 euro

By de oerdracht fan de mûnen krijt de stifting der ek noch in bedrach fan 115.000 euro op ta. De stifting ferplichtet him dêrmei wol om ek yn de takomst de monuminten yn goeie steat te hâlden.