HEA! Genietsje yn Allingawier
By de pleats Surfenne yn Allingawier is it in drokte fan belang. Der hingje in soad nêsten mei sweltsjes ûnder it dak. Mear as sechstich sweltsjes jouwe deistich de moaiste konserten. Mar ek yn de skuorre is alle dagen muzyk. Dêr fynt Klaske de rêst yn de muzyk en sit alle dagen efkes achter har oargel. Jacob en Klaske genietsje dêr beide fan.