Fryske brânwacht by brân yn Drintsk sintrum foar ferstanlik beheinden

By Trajectum yn Boschoord hat tongersdei oan it begjin fan 'e jûn brân west. Trajectum is in sintrum dat begelieding biedt oan minsken mei in licht ferstanlike beheining. Boschoord leit flak oer de Frysk-Drintske grins, tsjin Boyl oan.
© Anton Kappers
RTV Drenthe meldt dat de brân yntusken ûnder kontrôle is. De brân wie ûntstien yn in keamer fan de GGZ-ynstelling. Doe't de ôfdieling ûntromme waard, die bliken dat ien persoan oanwêzich wie. Dy is yn feilichheid brocht.
Brânwachtploegen út Fryslân en Drinte waarden oproppen om de brân út te meitsjen. In traumahelikopter is ek teplak, lykas ambulânsen en in protte plysje.