Sân moannen sel easke tsjin beskonken Sint-Jânsgeaster dy't stel oanried

06 jun 2019 - 17:29

Tsjin in 41-jierrige man út Sint-Jânsgea is tongersdeitemiddei yn de Ljouwerter rjochtbank sân moannen sel en in rydûntsizzing foar trije jier easke. De man ried op 18 febrewaris 2018 in kuierjend stel oan en wie dêrnei trochriden.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hie by in biljerttoernoai yn Sint-Nyk west. Dêr soe er yn elts gefal tsien fleskes bier dronken ha. Underweis nei hûs ried er op de Heerenwei by Ousterhaule in man (48) en in frou (44) oan.

Hoewol't it twatal reflektearjende klean oan hie, seach de man harren net. Neffens de rjochter hie it folle slimmer ôfrinne kinnen. De frou moast reanimearre wurde en lei yn 'e sleat.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
drank rjochtbank oanriding
(advertinsje)