Claudy Jongstra nominearre foar Creative Heroes Award

06 jun 2019 - 17:08

It projekt Farm Flower Fragrances fan Claudy Jongstra is nominearre foar de Creative Heroes Award. De priis wurdt alle jierren útrikt oan in 'kreative professional'. Neffens de sjuery fan de Award leveret Jongstra mei dit parfumprojekt in positive bydrage oan minske, miljeu en maatskippij.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Claudy Jongstra waard earder al útroppen ta 'kunstenaar van het jaar 2019'. De keunstner wennet yn Spannum en is tige suksesfol.

(advertinsje)
(advertinsje)