Noardeast-Fryslân nei Ried fan Steat om Dokkumer Reigersbrêge heger te meitsjen

06 jun 2019 - 16:56

De gemeente Noardeast-Fryslân is nei de Ried fan Steat stapt fanwege de Reigersbrêge yn Dokkum. Se wolle it fuotgongers- en fytsersbrechje oer de Suderie heger meitsje, sadat der tenei boatsjes ûndertroch farre kinne. As de brêge heger is, is dy net mear geskikt om op te fytsen.

Foto: Google Street View

It fytsersbûn hie beswier oantekene tsjin de gong fan saken en hat dêr yn april dit jier gelyk yn krigen fan de rjochter. Dy spruts doe út dat de gemeente in nij plan foar de brêge meitsje moat.

Slepersspul

Der wurdt al sûnt 2016 praat oer de Reigersbrêge. No't de gemeente nei de Ried fan Steat stapt om dochs har gelyk te krijen, wurdt de saak noch mear op skerp set.

It fytsersbûn is dêr tige teloarsteld oer. Sy skriuwe yn in parseferklearring dat se graach mei de gemeente om tafel gien wiene om ta in fytsfreonlike oplossing te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)