FUMO: net swimme yn De Leien by De Rottefalle

06 jun 2019 - 16:38

Yn it swimwetter fan De Leien, by De Rottefalle is blau-alch oantroffen. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) riedt ôf yn dat wetter te swimmen omdat minsken lêst krije kinne fan de mage en de termen en der kinne ek hûdproblemen ûntstean.

blau-alch yn it wetter - Foto: Omrop Fryslân

It swimwetter leit in pear kilometer noardlik fan Drachten, oan de eastkant fan de mar De Leien. It swimwetter wurdt al oantsjut as 'min'. No't der ek noch blau-alch konstatearre is, is it hielendal ûnferstannich om dêr te swimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)