Partikulier natuerbehear fan 2020 ôf kollektyf

06 jun 2019 - 16:20

Partikuliere grûneigeners dy't natuergrûn behearje yn ús provinsje ha no noch in kontrakt mei de provinsje Fryslân, mar dat stelsel feroaret. Nei ôfrin fan de kontrakten moatte de grûneigeners harsels sertifisearje en in kollektyf oprjochtsje of har oanslute by in natuerbehearkollektyf. De feriening Noardlike Fryske Wâlden wol de grûneigeners dêr no op wize.

Foto: Vereniging Noardlike Fryske Wâlden

Foar behearders fan agraryske grûn jildt al sûnt 2016 dat se net mear in yndividueel kontrakt ôfslute kinne mei de provinsje, mar dat it kollektyf moat. Dat jildt daliks ek foar partikulieren dy't gjin grûn mei in agraryske bestimming ha, mar mei in natuerbestimming.

Fergoeding bliuwt

Yn it kontrakt dat partikuliere eigeners fan natuergrûn no ha mei de provinsje, sit in fergoeding. As se har aanst oanslute by in kollektyf, krije se ek in fergoeding, mar dat giet dan op in oare manier. In feriening docht in kollektive oanfraach út namme fan alle oansletten grûneigeners.

De feriening Noardlike Fryske Wâlden is sûnt ferline jier sertifisearre as kollektyf foar partikulier natuerbehear. De hast 800 leden, boeren en partikulieren dy't oansletten binne, dogge oan natuerbehear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)