Kolleezje Weststellingwerf: "Net nei gas boarje by Aldlemmer"

Boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf wolle net dat der nei gas boarre wurdt by Aldlemmer. Se hawwe it ministearje dêr dizze wike in negatyf advys oer jûn.
© Omrop Fryslan, Timo Jepkema
Gasbedriuw Vermilion wol de winning by it doarp wer oppakke. Dy leit al fiif jier stil. Mar it kolleezje fan boargemaster en wethâlders binne tsjin de plannen fan Vermilion, om't de gaswinning net past yn it nije belied fan Weststellingwerf om it brûken fan gas krekt ôf te bouwen.
It Ryk beslút úteinlik oft Vermilion wol of net nei gas boarje mei by Aldlemmer.