Foppe de Haan sjuerylid foar jierlikse Sportgala

06 jun 2019 - 15:07

Foppe de Haan komt yn de faksjuery dy't bepaalt hokker Nederlânske sporters yn oanmerking komme foar de prizen op it jierlikse Sportgala yn desimber. De âld-trainer fan SC Hearrenfean nimt it plakje fan Guus Hiddink oer, seit sportkoepel NOC*NSF.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Foppe heeft een enorm palmares en een berg ervaring in het voetbal, maar heeft ook altijd belangstelling getoond over de grenzen van het voetbal heen", seit âld-follyballer en sjueryfoarsitter Bas van de Goor.

"Ik ha no fansels in unyk ekskús om alle sport op 'e foet folgje te bliuwen", fertelt De Haan.

Seleksje meitsje

De taak fan de faksjuery is om in seleksje te meitsjen fan nominearren yn alle kategoryen: sportman, sportfrou, sportploech, coach en paralympiër fan it jier. It útgongspunt is dat der trije nominearren binne yn eltse kategory.

Oare leden fan de sjuery binne Marc Lammers (coach), Marianne Timmer en Maarten van der Weijden (âld-winners op it Sportgala), Fred Buddenberg (fan de sportparse), Marije Smits (paralympiër), Ewoud van Winsen (NOS) en Ralf van der Rijst (NOC*NSF).

It earstkommende Sportgala is op woansdei 18 desimber yn Amsterdam.

(advertinsje)
(advertinsje)