It bûten fan Fogelsangh State yn Feankleaster krijt in opknapbeurt

06 jun 2019 - 14:28

Der wurdt op dit stuit hurd wurke oan in opknapbeurt fan it bûten Fogelsangh State yn Feankleaster. Mei in subsydzje fan 77.000 euro wurde ûnder oare de iiskelder, de hermitaazje en de teekoepel opknapt.

Fogelsangh State

Yn de iiskelder dy't renovearre wurdt, waard eartiids it iten bewarre. It iis waard yn de winter yn blokken út de fiver helle. It opknappen fan de iiskelder is diel fan in grutter projekt. Ek de hermitaazje, de teekoepel en de houten skuorre yn it park wurde opknapt.

Opknapbeurt

It park is sa'n twahûndert jier lyn oanlein troch de ferneamde arsjitekt Roodbaard en is nedich oan in opknapbeurt ta. "We hawwe it fertutearzjen keard en binne no hiel bliid mei de wurksumheden. Dit docht my goed", seit behearder Ljibbe Rekker.

Takom wike, op 15 juny, is de bosk wer iepen foar publyk. De bosk is iepen oant en mei 15 maart 2020 dêrnei giet it wer ticht oant 15 juny 2020. Dit is fanwegen de briedperioade fan fûgels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)