Skriuwersbuert-bewenners wolle maatregels by nij WTC-gebiet: "Wij woonden hier eerst"

06 jun 2019 - 21:47

Bewenners fan de Skriuwersbuert meitsje har soargen oer de nijbou fan it Cambuurstadion. Se easkje ekstra maatregels fan de gemeente Ljouwert tsjin mooglike oerlêst en slute in gong nei de Ried fan Steat net út. "Als het moet, dan moet het", seit ien fan de 116 bewenners dy't in brief skreaun ha oan de gemeenteried.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Yn de brief stelle de bewenners dat se net tsjin de ûntwikkeling fan it WTC-Cambuurgebiet binne, mar dat se har wol slim soargen meitsje. It giet dan om lûds- en ljochtoerlêst, ferkearsdrokte, parkeargelegenheid, berikberens fan helptsjinsten en skea oan har huzen troch bou-aktiviteiten.

"Wij woonden hier eerder", fertelt Herma Dijkgraaf fan it buertkomitee. Sy is ien fan de 116 minsken dy't de brief ûndertekene ha. "Wij brengen als buurt daarom onze bezwaren nog eens onder de aandacht van de gemeente."

Bewenners Skriuwersbuert ha beswieren tsjin WTC-terrein

Herma Dijkgraaf - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

'Undersiken net goed'

Neffens de bewenners binne ferskate ûndersiken dy't troch de gemeente útfierd binne, net goed dien. Dêrtroch soe der in fertekene byld ûntstean. Se wolle dat de ûndersiken opnij dien wurde of dat der second opinions komme.

Sa skriuwe de bewenners dat der bygelyks by it ûndersyk nei de ferwachte lûdsoerlêst, útgien is fan ferkearde oannamen en útgongspunten en dat it net folslein is.

Wij hebben als burgers ook rechten.

Herma Dijkgraaf

Boppedat tinke de bewenners dat har huzen skea oprinne sille troch de bou. Se wolle dêrom dat der no in nulmjitting plakfynt, sadat der nei ôfrin fan de bou besjoen wurde kin oft de huzen skea oprûn ha.

"Als we geen gehoor vinden bij het college en de raad, dan moeten we misschien maar naar de Raad van State", seit Dijkgraaf. "Dat is niet ons eerste plan, maar wij hebben als burgers ook rechten."

Parkearjen

Dat de gemeente earst in enkête hâlde wol om de te ferwachtsjen parkearproblemen op te lossen, fine de omwenners oerstallich. It is neffens harren net nedich, omdat wol dúdlik is dat de buert te krijen hawwe sil mei parkearoerlêst. Der kin neffens harren daliks wol in blauwe sône ynsteld wurde, wêrby't maksimaal ien oere parkearre wurde mei mei in blauwe kaart.

Herma Dijkgraaf

(advertinsje)
(advertinsje)