Follybalsuskes Jasper ferlieze mei Nederlânsk team fan Japan

06 jun 2019 - 13:38

De Nederlânske follybalfroulju, mei de Snitser suskes Marrit en Hester Jasper, ha opnij ferlern yn de Nations League. Japan wûn yn 3 sets. Nederlân spilet de wedstriden om de Nations League mei in sterk ferjonge nasjonaal team, mei Marrit Jasper as de meast bedreaune spylster. Sy is yn Hongkong ek oanfierder en begjint hieltyd yn de basis.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Japan hie de hiele wike noch net in set wûn. Dêrtroch wie de ferwachting dat Nederlân wol in kâns makke. Dat foel ôf: Japan wie foaral oanfallend folle sterker. De setstannen wiene 25-17, 25-17, 25-21.

Nije wike wurde der wer wedstriden spile yn de Nations League. De ferwachting is dat de bûnscoach dan kiest foar de bedreaune spylsters en dat Hester Jasper dan net mear by de seleksje sitte sil.

(advertinsje)
(advertinsje)