Brânwacht rêdt bern fan eilantsje yn de Hegemer Mar

06 jun 2019 - 13:30

De brânwacht hat tongersdeitemoarn tsien bern fan in eilantsje yn de Hegemer Mar helle. Se wiene oan it farren mei in sylskoalle út de buert, mar by harren fartocht yn de problemen rekke. In skipper dy't der delfear, warskôge de autoriteiten. Wat der krekt misgien wie, is net bekend.

De Hegemer Mar fan Yndyk ôf - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
Trefwurden: 
brânwacht Hegemer Mar
(advertinsje)
(advertinsje)