Jeroen Otter bliuwt langer oan as shorttrackbûnscoach

06 jun 2019 - 12:59

Jeroen Otter bliuwt ek de kommende jierren bûnscoach fan de Nederlânske shorttrackers. It kontrakt mei de Feanster coach is ferlinge oant en mei de Olympyske Spelen fan 2022 yn Peking. Otter hat sûnt 2010 de lieding oer de shorttrackploech.

Jeroen Otter stiet ek de kommende jierren oan it roer fan de shorttrackploech - Foto: KNSB

As de Spelen yn 2022 plakfine, is Otter dus al tolve jier bûnscoach. Mar, neffens him is de hâldberheidsdatum noch net berikt. "Dat heb ik mezelf ook afgevraagd, maar de resultaten laten zien dat het niet het geval is. Lara van Ruijven wordt op de 500 meter wereldkampioen en Suzanne Schulting die de wereldtitel pakt. Het gevoel dat het nog niet uitgewerkt is, heb ik zelf ook", sa seit Otter, dy't it kommende shorttrackseizoen fiif nije riders yn de nasjonale ploech krijt.

It giet om Georgie Dalrymple, Xandra Velzeboer en Selma Poutsma by de froulju. By de manlju wurdt de seleksje oanfolle mei Bram Steenaart en Melle van 't Wout.

Jeroen Otter

Friezen yn nasjonale shorttrackseleksje

  • Sjinkie Knegt
  • Daan Breeuwsma
  • Itzhak de Laat
  • Dennis Visser
  • Jasper Brunsmann
  • Suzanne Schulting
  • Rianne de Vries

De fokus fan Otter en de shorttrackploech sil yn de oanrin nei de Olympyske Spelen noch mear komme te lizzen op de ploege-efterfolging. Yn 2022 is der neist de relay by de manlju en by de froulju nammentlik ek de mixed relay, mei twa manlju en twa froulju.

"En dus komt er vijftig procent meer relay bij. Dan is het logisch dat je er meer aan doet", fertelt Otter. It ôfrûne seizoen waard de mixed relay ek al ferriden by guon wrâldbekerwedstriden.

Foto: Orange Pictures
Trefwurden: 
shorttrack Jeroen Otter
(advertinsje)
(advertinsje)