Keninginne Máxima yn july op besite by Dijkstra Draisma yn Dokkum

06 jun 2019 - 12:24

Keninginne Máxima bringt op tongersdei 4 july in wurkbesite oan bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum. Dat hat de Ryksfoarljochtingstsjinst tongersdei bekend makke.

Foto: ANP

As keninginne Máxima op besite komt, krijt se in taljochting op it wurk fan de Dokkumer ûndernimming. Se giet yn petear oer saken as digitalisearring, fakmanskip en sosjale ynnovaasje.

Nasjonale priis

Bougroep Dijkstra Draisma waard ferline jier winner fan de Koning Willem 1 Prijs 2018 yn de kategory mkb. Máxima is earefoarsitter fan de stichting, dy't it Nederlânske bedriuwslibben fersterkje wol.

(advertinsje)
(advertinsje)