GroenLeven hâldt op as haadsponsor fan Sportklup Hearrenfean

06 jun 2019 - 11:56

Sportklup Hearrenfean moat op syk nei in nije haadsponsor. GroenLeven kin him net fine yn 'e betingsten fan de klup en Sportstad, fia tuskenpersoan The Green Company. Dêrmei ferdwynt de namme fan de sinne-enerzjyleveransier nei trije seizoenen fan it shirt fan de earedifyzjonist.

GroenLeven lit fia wurdfierder Maarten de Groot witte dat se it spitich fine dat der in ein komt oan de gearwurking, mar dat se net foldwaan kinne oan de easken fan SC Hearrenfean en Sportstad yn kombinaasje mei de oanbesteging fan de sinnepanielen op it stadion. "Aan het aanleggen van de zonnepanelen was een forse verhoging van het sponsorbedrag gekoppeld, bijna een verdubbeling. Dat kwam voor ons als verrassing want dat was niet eerder besproken."

Oerienkomst

Sûnt 2016 is GroenLeven haadsponsor fan SC Hearrenfean. Der wurdt ôfpraat dat GroenLeven 500.000 euro yn it jier betellet. Boppedat is der in boanus fan 250.00 euro yn it jier as de sportklup der yn slagget, fia de gemeente Hearrenfean, in fjild te regeljen dêr't GroenLeven sinnepanielen op kwyt kin. Beide partijen ûndertekenje in oerienkomst foar trije jier mei it idee om, as it kontrakt ôfrint, opnij foar trije jier te ferlingjen, tsjin merkkonfoarme tariven.

Relaasje ûnder druk

Ein ferline jier komt de relaasje tusken Hearrenfean en GroenLeven ûnder druk te stean. Doe binne der ôfspraken makke mei algemien direkteur Luuc Eisenga dat der sinnepanielen fan GroenLeven op it Abe Lenstra stadion kommen te lizzen.

Foto: Orange Pictures

Hearrenfean seit lykwols dat se dy ôfspraak net neikomme kinne, om't net de klup, mar Sportstad Hearrenfean eigener is fan it stadion. Der is doe in oanbestegingsproseduere opstart, wêrby't elk bedriuw likefolle kâns hat op de opdracht. "Daar hebben wij ons toen zeker over verbaasd", seit Maarten de Groot. "Er wordt vanzelfsprekend ook Kroon-leverworst geserveerd in het stadion."

Gjin ferlinging

It kontrakt mei GroenLeven rint ein fan dizze moanne ôf. Beide partijen hawwe in skoft yn petear west oer ferlinging. Mar no't Hearrenfean in folle heger sponsorbedrach wol, ferdwynt de namme GroenLeven fan it shirt. "We blijven niet het jongetje dat ondanks afwijzingen achter het mooiste meisje aan blijft lopen. Het houdt nu helaas op."

De Groot seit wol dat GroenLeven ferbûn bliuwt oan SC Hearrenfean. "Wij gaan daar vanmiddag over in gesprek, wij blijven sponsor van de club die ons na aan het hart ligt."

SC Hearrenfean hat oant no ta noch net reagearre op it ferdwinen fan GroenLeven as haadsponsor fan de klup.

(advertinsje)
(advertinsje)