Steatefraksjes stelle fragen oer beammekap yn de provinsje

Trije partijen yn de Deputearre Steaten stelle fragen oer de beammekap yn de provinsje. Se ha soargen oer it fuortheljen fan beammen yn natuergebieten, op provinsjale grûn en by de oanlis fan diken.
Beammmen yn it park © Shutterstock.com
Se wolle fan de Steaten witte oft it tal beammen yn de provinsje ôfnimt en oft dêr ek rekken mei hâlden wurdt by nije romtlike plannen. Ek krije de partijen sinjalen dat der yllegaal kapt wurdt en dat der te min minsken binne om dat te kontrolearjen.
De PvdA, Partij voor de Dieren en GroenLinks wolle ek witte wat de regels binne foar it kappen fan beammen dy't ticht oan in dyk lizze. Dêr hearre se in soad klachten oer fan gemeenten.
Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren