VC Snits docht net mei oan Europeeske Challenge Cup

06 jun 2019 - 11:17

VC Sneek docht net mei oan de Europeeske Challenge Cup-wedstriden. De follybalfroulju hiene wol rjocht op dielname, fanwege harren twadde plak yn de Nederlânske kompetysje fan it ôfrûne seizoen. It bestjoer fynt de finansjele risiko's lykwols te grut.

De follybalsters fan VC Snits nei de wedstriid tsjin Regio Zwolle - Foto: Orange Pictures

"Het is buitengewoon jammer, maar het financiële risico is voor de vereniging te groot", seit wurdfierder Erik Drenth. "VC Sneek is een gezonde en vitale club en dat willen we graag zo houden."

Woansdeitejûn is besletten dat dat in te grut finansjeel risiko is. Boppedat freget it in soad ekstra ynset fan frijwilligers. Foar ien ronde Challenger Cup is likernôch 30.000 euro nedich. Hoe fierder de klup komme soe yn de wedstriid, hoe mear it kostje soe.

Twa jier lyn hat VC Sneek noch wol meidien oan de Europeeske wedstriden. Doe is it jild mei help fan sponsors by elkoar brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)