Fries op Omaha Beach: "Buitengewoon indrukwekkend"
Op 6 juny 1944 begûn de alliearde ynvaazje by Normandië, eksakt 75 jier lyn. It wie it begjin fan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Fan dêrwei waarden earst Frankryk en België en dêrnei Nederlân en dus ek Fryslân befrijd. Tongersdei wurdt dat rûnom betocht, fansels ek yn Normandië en dêr binne Friezen by oanwêzich, sa ek Ivo Rigter fan Harns.
"Ik sta nu op Omaha Beach", sa sei Rigter tongersdeitemoarn by Omrop Fryslân. "We hebben net een herdenking gehad bij het Monument of the Braves. Daar staat een beeld van een soldaat die een gewonde kameraad meesleept het strand op. Er is vanmorgen een herdenking van kinderen en kleinkinderen van veteranen die daar 75 jaar geleden geland zijn."
"Vrijheid niet vrijblijvend"
Foar Rigter fielt it bysûnder dat hy derby is yn Normandië. "We leven met elkaar al een tijd in vrijheid in Europa, maar het is niet vrijblijvend. Het is mooi om hier met zoveel gelijkgestemden bij elkaar te staan. De bevrijding begon feitelijk hier op dit strand, 75 jaar geleden. Ik ben geroerd en geraakt om hier vandaag te mogen zijn."
Der binne tongersdeitemoarn tûzenen minsken op it strân. "Het wordt hier met heel veel plechtigheden en indrukwekkende ceremonies gevierd", fertelt Rigter. "Het is een moment van bezinning en stilte, maar vanmiddag wordt het feest. Het is buitengewoon indrukwekkend."
Op 6 juny 1944 begûn offisjeel de ynvaazje fan de Westerske alliearden yn Frankryk. De grutskalige ynvaazje mei skippen en fleantugen, dy't ek wol operaasje Overlord neamd wurdt, betsjutte it begjin fan de befrijing fan West-Europa. Twa dagen derfoar, op 4 juny, waard de stêd Rome al troch de alliearden ferovere. It duorre lykwols noch hast in jier foardat Dútslân begjin maaie 1945 kapitulearre.