RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer tinkt nei oer learlingestop

Middelbere skoalle RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer hat sa folle oanmeldingen dat in learlingestop oerwage wurdt. Kommend skoaljier binne der leafst 25 persint mear earsteklassers en der binne ek mear treddeklassers.
© RSG Simon Vestdijk
Omdat de skoalle bewust keazen hat foar lytsskalichheid, komme de grinzen no yn sicht en wurdt neitocht oer in learlingestop. Dat der mear oanmeldingen binne, is opmerklik, omdat it tal bern yn de gemeente Waadhoeke de lêste jierren mei 25 persint ôfnommen is.
"Het aantal aanmeldingen is fantastisch dit jaar. Maar het betekent ook dat we tegen de grenzen van ons kunnen aanlopen. Als je kijkt naar het gebouw, dat is gebouw op 180 leerlingen. Daar zitten we nu met 200 leerlingen in. De grenzen zijn wel in zicht", fertelt direkteur Sydo de Jong.
De skoalle wol lyts bliuwe, omdat se dêrmei foldwaande oandacht en begelieding jaan kinne. "We willen niet alleen insteken op kennisoverdracht, maar ook op vaardigheidstrainingen en verantwoordelijkheidsgevoel. Die maken dat je kort op elkaar moet zitten. Daar is de sfeer weer van groot belang voor."
Direkteur Sydo de Jong
Ut ûndersyk docht bliken dat âlden de sfear op skoalle hiel wichtich fine en dêrom faak kieze foar Simon Vestdijk. Yn 2018 is de skoalle troch it tydskrift Elsevier útroppen ta 'superskoalle 2018', wat oanjout dat de skoalle ta de bêste skoallen fan Nederlân heart.
By oare skoallen hawwe der wol problemen west. Op it Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer is der, lykas in soad oare skoallen yn Fryslân, sprake fan minder oanmeldings. Oft it Simon Vestdijk dêrfan profitearret, kin De Jong net sizze.

Gjin lúkseprobleem

"Wij willen het houden op twee eerste klassen. We praten al over een klas van dertig. Helaas hebben we de eerste leerlingen al moeten afmelden." In lúkseprobleem fynt De Jong it net. "Ik vind het heel erg jammer dat we geen ruimte hebben voor de leerlingen die graag bij ons willen komen. Het is teleurstellend dat je mensen daarin niet tegemoet kunt komen."