Hûnderten motorriders treffe inoar op de pier fan Holwert

06 jun 2019 - 09:02

Motorleafhawwers kinne tongersdeitejûn telâne op de pier by Holwert. De Friesche Motor Riders hâlde dêr foar de tredde kear harren jierlikse treffen. De earste edysje begûn mei 155 motoaren, mar tongersdei wurde der wol mear as 500 dielnimmers ferwachte.

Foto: Omrop Fryslân

"Het is ontzettend gezellig om heel veel motorrijders te ontmoeten en te kletsen met elkaar. Het leuke aan het evenement is dat het laagdrempelig is. Er wordt niks georganiseerd", fertelt organisator Karel Dikkers fan de Friesche Motor Riders. "Het enige dat wordt georganiseerd, is dat motorrijders zich op tien plekken in de provincie verzamelen om gezamenlijk naar de pier te rijden."

Dêr kinne de motorriders dan de motors delsette en mei-inoar kletse. "Wat we er extra bij hebben georganiseerd, is dat er een speciale 'klassiekerhoek' komt, waar allemaal mooie motoren staan ouder dan 1990."

It is eins in soarte fan Alvestêdetocht foar motorriders. Mar sa sjocht Dikkers it net. "Het is vanuit de Facebookgroep ontstaan. Het is niet iets dat we echt organiseren. Het leuke aan dit evenement is eigenlijk dat het spontaan vanuit de mensen zelf is ontstaan."

Organisator Karel Dikkers

(advertinsje)
(advertinsje)