Kollum: "D-day"

06 jun 2019 - 08:21

"Doe't ik in pear jier lyn in plan foar in dokumintêre mei in link nei de Twadde Wrâldoarloch bespruts by de VPRO, sei de redakteur: "Ja, lekker lullen over de oorlog". Oei, tocht ik doe, dat klinkt dochs as oft it tefolle dien is.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It is hjoed presys 75 jier lyn dat de lâning op Normandië wie. In ûnfoarstelber barren, wêrby't hast 160.000 manskippen it kanaal oer giene út Ingelân wei nei de Frânske kust. Sa'n 10.000 fan dy soldaten sneuvelen direkt al. Ik kin mysels oeren en oeren ferlieze yn de Wikipedia-siden dêroer; ik ha alle films dêroer sjoen en lês elk artikel.

Dat komt om't der altyd wat nijs te ûntdekken falt. Sa wist ik oant dizze wike ta net dat der driuwende tanks ynset binne. Der wiene Shermantanks dy't in soarte fan skerm oplûke koene dy't in boat foarmen, en propellers hiene. It binne dingen fan fiifentritich ton, dus it is nochal wat om dat driuwe te litten. Mar it wie nedich, want dan hoegden de earste manskippen dy't op de strannen oankamen net allinnich mei harren gewearen tsjin de bunkers te fjochtsjen.

Sjarmante swimmers wiene it net. Se koene golven ha oant sa'n tritich sintimeter, mar yn it Kanaal giet it der wolris wat wylder oan ta. Se hellen it dus net allegearre. Duplex Drive, waarden se neamd, wat militêr ôfkoarte waard ta DD's, en dus waarden se troch soldaten Donald Ducks neamd. Der is altyd wat humor ferbûn oan ferhalen oer de oarloch, hoe nuver dat ek klinkt.

Mei sonar en troch te dûken mei kamera's, binne se der no achter dat in protte tanks noch altyd op 'e boaiem fan it Kanaal steane. Op 'e bylden seach ik rupsbannen en de loop fan it kanon, allegearre begroeid mei in grouwe laach seeguod. Mar it wie der allegearre noch. Op 6 juny 1944 wierskynlik hagelnij. Miskien tsien kear mei proefsketten, mar dat hat it dan west. Foarrieden deryn, brânstof, munysje, en fansels bemanning.

By fjouwer fan de fiif strannen gie it bêst, mar by Omaha Beach wiene de golven te heech. En flink ek: 2 meter. Se sonken as bakstiennen. 27 fan 'e 29 DD's rêden it net. Hoe moat dat west ha - ynienen swimme je tusken twa meter hege golven, sa fier út 'e kust - trije kilometer - dat je dat nea rêde, en dan? Mar foaral ek it besef dat as dizze tanks it net rêde, de soldaten op it strân belangrike dekking net krije. Dat is ek presys wat der barde.

Ik bedoel: hjir kinne je dochs in dokumintêre - nee: in filmsearje fan tolve ôfleveringen oer meitsje, en it publyk soe it opfrette, of yn elts gefal ik. In ôflevering oer it betinken fan it idee om in tank driuwe te litten, ien oer it oplieden fan 'e mannen, ien oer it te wetter litten, ien oer de twa tanks dy't Omaha Beach wol helle hawwe, om't der bemanning op siet dy't sylûnderfining hie en wist dat je in skip net dwers op hege golven sette moatte, och, ensafuorthinne.

Lekker lullen over de oorlog - it is it ferhaal fan de winners en de oerlibjenden dat we heare wolle. In oar ferhaal is dat fan Marga Minco. De skriuwster krige yn jannewaris de P.C. Hooftpriis - ien fan 'e belangrykste literêre prizen fan Nederlân. Ut hannen fan 'e sekretaris-ponghâlder fan 'e P.C. Hooftstichting, yn stee fan út hannen fan de foarsitter, sa as gebrûklik.

En wêrom't dat barde is juster opklearre yn in koart stikje djip ferstoppe achter yn 'e krante. It die bliken dat de foarsitter neiteam wie fan 'e minsken dy't it besit fan de útmoarde famylje fan de Joadske Minco achteroer drukten nei de Twadde Wrâldoarloch. In tige pynlike skiednis, dy't de foarsitter net iens wist. Minco hat it ferhaal al út 'e doeken dien yn har novelle 'Het Adres' út 1957. Dat is juster opnij ferskynd, yn gearwurking mei de P.C. Hooft-stichting. De foarsitter seit der alles oan dwaan te wollen om wat der noch is werom te jaan. Hy seit dat it him "pijnlijk heeft geraakt en sprakeloos maakt".

We ha dus yn de ôfrûne 75 jier noch net genôch luld oer de oarloch."

(advertinsje)