Seehûnepup deabiten troch hûn op Skylge

06 jun 2019 - 08:03

De seehûne-opfang fan Skylge trof ôfrûne wykein de earste seehûnepup fan it seizoen oan. It rûn lykwols net goed ôf mei it bistje. Doe't minsken fan de opfang sneontejûn wer del giene by de gûler, die bliken dat er deabiten wie troch in hûn.

Zeehondenopvang Terschelling hâldt yn 'e gaten wêr't pups sûnder mem omswimme en helpt dy bistjes feilich werom te gean yn de frije natuer. Dit eksimplaar waard ôfrûne freed sûn oantroffen op 'e hichte fan peal 15. De gûler hie noch in farske nâlestring en koe dus net âlder as 24 oeren wêze.

De opfang liet it bistje nei ynspeksje op it strân gewurde. Dyselde dei gie de opfang wer del en doe like alles goed te gean. Op sneontemoarn waard noch in kontrôle útfierd, mar doe die bliken dat it bistje net mear libbe, omdat it deabiten wie troch in hûn.

Lulk

It berjocht leveret in protte emosjonele reaksjes op op Facebook. In soad minsken binne lulk en roppe op dat minsken harren hûn oan 'e line hâlde moatte. Oft de gemeente dêr gehoar oan jaan sil, is net bekend.

Guus Sweigmann fan de seehûne-opfang

(advertinsje)
(advertinsje)