Geurts en Spitse sjogge út nei WK: "Mooi om op zo'n groot podium te spelen"

06 jun 2019 - 07:59

De oranjekoarts begjint ta te nimmen yn it lân, want de Nederlânske fuotbalfroulju sette tiisdei útein mei it wrâldkampioenskip. De Oranjeliuwinnen, sa't se harren sels neame, binne 'hot'. De twa Friezinnen yn it team, Loes Geurts en Sherida Spitse, fernimme dat oan alles. "In de winkels, blaadjes, kranten, op het nieuws, we merken wel dat het leeft", konstatearret Geurts.

Op ien fan de lêste trainingen foardat de ploech nei Frankryk ta giet, treffe wy Geurts en Spitse. De kameraploegen binne net op ien hân te tellen; de belangstelling foar de fuotbalsters is grut. "Het is supermooi om te zien dat het meer omarmd wordt en mensen het interessant en leuk vinden om naar te kijken", sa fertelt Geurts.

Spitse wit wol in oarsaak foar de tanimmende belangstelling: "Het succes! Mensen van buitenaf kijken anders naar ons, omdat we Europees kampioen zijn." Mar, dat bringt ek mei him mei dat der ekstra druk is. As winner fan it EK yn 2017 sjogge minsken Nederlân ek op it WK as titelfavoryt. Spitse fynt dat net slim: "Ik denk dat het alleen maar leuk is. We weten hoe we ermee om moeten gaan en we moeten doen wat we kunnen, namelijk voetballen."

Keepster Loes Geurts neist Sherida Spitse - Foto: Orange Pictures

Wrâldkampioen?

De fraach is oft dy hege ferwachtingen fan Nederlân realistysk binne. Neist Europeeske toplannen as Dútslân en Noarwegen, dogge ek grutte fuotballannen as Amearika en Japan mei. Spitse wol gjin doelstelling oan har ploechgenoaten meijaan. "We moeten het wedstrijd voor wedstrijd gaan bekijken. We hebben een goede groep met veel kwaliteiten en als we samen blijven, kunnen we heel ver komen. We moeten ons ding doen en dan zien we wel waar het eindigt."

Geurts stiet der itselde yn. "We nemen het stap voor stap. Dat is heel cliché, maar werkt het beste. We bekijken het wedstrijd voor wedstrijd en we zien wel waar het schip strandt, als het gaat stranden. Je moet wat geluk hebben en in een flow terechtkomen."

De Nederlânske fuotbalfroulju sitte yn in pûl mei Kanada, Nij-Seelân en Kamerûn. Tiisdei is de earste wedstriid tsjin Nij-Seelân, op sneon 15 juny is it twadde duel mei Kamerûn en tongersdei 20 juny wurdt de pûlfaze ôfsletten mei de wedstriid tsjin Kanada. De nûmers ien en twa en de fjouwer bêste nûmers trije (fan yn totaal seis pûls) geane dan troch nei de achtste finale.

Sherida Spitse op de training fan Nederlân yn Zeist - Foto: Omrop Fryslân

Gewoanwei sil Geurts allinne gjin minuten meitsje op it WK. Bûnscoach Sarina Wiegman hat koartlyn besletten dat Sari van Veenendaal har earste keeper is. Geurts sit dêrtroch op de bank. "Dat is een teleurstelling ja, maar ik had er wel rekening mee gehouden. Ik ben blij dat ik naar het WK ga", seit de âld-Hichtumer. Neffens har hat de bûnscoach sjoen nei hoefolle beide froulju spile hawwe by harren klups. Geurts siet de lêste tiid, nei in blessuere, benammen op de bank.

Twadde keeper

Twa jier lyn foar it Europeesk kampioenskip yn eigen lân wie de situaasje itselde. Ek doe krige Geurts te hearren dat se twadde keeper wêze soe. Mar dochs is dat net te fergelykjen mei no, seit se. "Het voelt nu heel anders. toen wilde ik per se spelen en was ik veel meer teleurgesteld. Vorig jaar in mei zat ik niet eens bij het Nederlands elftal en nu ga ik naar het WK. Ik ben gewoon heel blij dat ik er naartoe ga." Nei it EK hâlde Geurts op tydlik op mei fuotbaljen. Se begûn wer, om't it dochs wer begûn te kribeljen.

Keepster Loes Geurts yn aksje - Foto: Omrop Fryslân

De beide Fryske fuotbalsters ferwachtsje in hoop fans by harren wedstriden. Nederlân spilet yn Le Havre, Valenciennes en Reims, en al dy plakken lizze yn it noarden fan Frankryk. "Het gaat oranje kleuren rondom onze wedstrijden", tinkt Geurts. "Dat zou ons een enorme boost geven en helpt wel mee."

Datselde tinkt Spitse. De Snitser fuotbalster kin net wachtsje oant it WK begjint. "Ik vind het mooi om op zo'n groot podium te spelen. Daar word je als persoon en als team sterker van. Ik kijk er heel erg naar uit om zo'n toernooi te spelen!"

(advertinsje)