Sa'n 70 Friezen beklimme tongersdei de Alpe d'Huez yn de striid tsjin kanker

It kin op de fyts, rinnend of hurddravend: meidwaan oan de Alpe d'HuZes. It evenemint, wêrby't de Frânske berch de Alpe d'Huez beklommen wurdt om jild byelkoar te bringen foar de striid tsjin kanker, wurdt tongersdei foar de 14e kear hâlden. De foarige edysjes brochten byinoar opteld al goed 160 miljoen euro op.
© ANP
Sa'n 5.000 Nederlanners besykje tongersdei ien of mear kear de top fan de Alpe d'Huez te heljen. Se litte har dêrby sponsorje troch it thúsfront. Under de dielnimmers binne ek sa'n 70 Friezen.
Wybregje Klaver út Wynjewâld is ien fan har. Sy beklimt de Alpe d'Huez rinnend, yn it selskip fan har mem en skoansuske. "Ik doch mei oan Alpe d'HuZes omdat ik leau dat wy tegearre wurkje kinne oan in wrâld wêryn't je net mear deagiet oan kanker", motivearret Wybregje har dielname op de webside fan de organisaasje. Dêr falt ek te lêzen dat se goed 3.000 euro byelkoar brocht hat.
Wybregje Klaver oer de klimtocht
Wybregje docht, krekt as har skoansuske, foar de earste kear mei oan de Alpe d'HuZes, foar har mem is it de twadde kear. De trije begûnen tongersdeitemoarn al betiid oan har tocht. "It is swier, mar eins bêst fol te hâlden", fertelde Wybregje wylst se de berch beklom.
"Der komt ek in stikje emoasje by. Underweis hearst ferhalen fan eltsenien oer harren redenen wêrom't se meidogge. Eltsenien ken wol ien dy't de sykte hat."