70-jierrige man komt om by brân yn soarchkompleks Sint-Nyk

06 jun 2019 - 11:00

By in brân yn soarchappartemintekompleks WilhelminaOord yn Sint-Nyk is woansdeitenacht in 70-jierrige bewenner om it libben kaam. In fersoarger dy't op de brân ôfkaam, rekke ferwûne en is foar kontrôle mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. 26 bewenners yn it kompleks waarden út foarsoarch evakuearre. In oproppen traumahelikopter hoegde net yn aksje te kommen.

De brân bruts om 22.30 oere hinne út yn ien fan apparteminten. Oer de oarsaak koe de brânwacht woansdeitenacht noch neat sizze. De plysje is tongersdei úteinsetten mei in ûndersyk nei de oarsaak.

Hoewol't de brân net grut wie, skaalde de brânwacht al gau op nei GRIP 1 fanwege de kwetsbere bewenners en ûndúdlikens oer it tal minsken dat yn it gebou oanwêzich wie.

Om 23.30 oere hinne wie de brân ûnder kontrôle. De omlizzende apparteminten liken net of net bot skansearre. Mar de bewenners mochten nei de brân net fuortendaliks nei hûs fanwege ûndersyk nei eventuele skeadlike stoffen. Om 00.30 oere hinne mochten de bewenners wer werom nei harren apparteminten.

Trefwurden: 
brân Sint-Nyk Wilhelminaoord
(advertinsje)
(advertinsje)