UPDATE: Brân yn monumintaal soarchkompleks WilhelminaOord yn Sint-Nyk ûnder kontrôle

05 jun 2019 - 23:12

De brân yn in appartemint fan wensoarchkompleks WilhelminaOord yn Sint-Nyk is ûnder kontrôle. Dat meldt de brânwacht. It gebou moat no earst fentilearre wurde, foardat der fierder ûndersyk dien wurde kin. Ek kin dan bepaald wurde of de bewenners werom kinne nei har apparteminten.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De brân bruts woansdeitejûn let út werop it gebou oan de Sietze Hepkemalaan ûntromme waard. Fanwege dat ûntromjen waard grut opskaald.

Neffens in wurdfierder fan de brânwacht wenje der 20 oant 25 minsken yn it gebou.

It wensoarchkompleks yn in monumintale filla op it âlde bûten WilhelminaOord iepene yn 2018 de doarren. It bestiet út 26 apparteminten foar fêste en tydlike bewenners mei ferskate soarchproblemen.

Trefwurden: 
brân Sint-Nyk Wilhelminaoord
(advertinsje)
(advertinsje)