Sytse Bokma en Akke Dijkstra winne fierljeppen yn Winsum

05 jun 2019 - 22:54

Sytse Bokma hat woansdeitejûn de fiifde fierljepwedstriid fan dit seizoen wûn. Yn Winsum kaam de ljepper fan Hylpen ta in ôfstân fan 19.61 meter. By de froulju wie Akke Dijkstra mei 15.13 meter de bêste.

Sytse Bokma - Foto: Martin de Jong

Rûtiniers pakke poadiumplakken

It wie foar Bokma syn earste oerwinning fan dit seizoen. Nard Brandsma fan Warkum waard mei 19.46 meter twadde. It tredde plak gie mei in ôfstân fan 19.19 meter nei Thewis Hobma fan Harns.

By de froulju seach it dernei út dat Sigrid Bokma fan Hylpen der mei de winst fan trochgean soe. By har twadde sprong ljepte sy in ôfstân fan 14.46 meter. Akke Dijkstra fan Bûtenpost gie dêr yn de finale mei 15.13 meter lykwols oerhinne. Boukje de Boer fan It Heidenskip waard tredde mei 13.34 meter.

Akke Dijkstra - Foto: Martin de Jong

Junioar Nauta noch sûnder nederlaach

Wietse Nauta fan Drylts ljepte by de junioaren mei 18.14 meter it fierst. Dêrmei is Nauta de iennige ljepper dy't alle wedstriden fan dit seizoen wûn hat. Jesper Demmer (16.75) en Minne Smit (16.33) folgen op romme ôfstân.

By de jongens gie de oerwinning foar de fjirde kear nei Rutger Haanstra fan It Heidenskip (17.39 meter). Allinnich Riemer Durk Krol pakte ien kear de deititel by de jonges mei in pr fan 17.77 m yn It Heidenskip. Krol waard no tredde (15.48), achter Peter Faber út Oldehove (16.48 m, PR)

Rispens foar it earst ferslein

By de famkes wûn Tirza Boschma fan Drylts (13.62 meter). Femke Rispens, dy't de earste fjouwer wedstriden wûn hat, waard no tredde mei 13.21 m. Lisse van der Knaap pakte mei 13.29 it sulver.

Fierljeppen - Foto: Omrop Fryslan
(Advertinsje)
(Advertinsje)