De Molkfabryk moat kulturele húskeamer fan Burgum wurde

05 jun 2019 - 22:37

It moat it brûzende kulturele hert fan Burgum wurde: De Molkfabryk. Jierren wie it lûd fan molkbussen en masinen te hearren yn it eardere suvelfabryk oan de Burgumerdaam. As de plannen trochgeane, wurdt dat it lûd fan teäter, muzyk, restaurant en oare aktiviteiten.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Hoareka, lytse ûndernimmers, de húskeamer fan Burgum, in muzyk- en kultureel poadium, it moat allegearre plak krije op it terrein fan 22.000 fjouwerkante meter. De earste tonnen oan jild binne al binnen, mar it is mei-inoar yntusken in miljoeneplan wurden.

It terrein en alle bebouwing derop is fan ien persoan, dy't it earder dêr ek besocht hat mei de Action Factory. Dat slagge doe net mei konserten en sa, mar fiif jier lyn kamen de earste ideeën om it folle breder oan te pakken en dêr liket no skot yn te kommen.

De trije driuwende krêften efter it plan binne Dirk Bruinsma, Jan Arnoldus Boom en Adriaan Groffen. Sy beheare de stichting dy't ûnder oare mei de gemeente it projekt fierder ûntwikkelje sil. In eksakte planning is der net makke, mar de trije hoopje dat, no't it earste jild der is, de plannen yn in streamfersnelling komme.

Dirk Bruinsma, ien fan de driuwende krêften efter it plan foar De Molkfabryk yn Burgum

Trefwurden: 
kultuer Burgum De Molkfabryk
(Advertinsje)
(Advertinsje)