Gaslieding rekke by wurksumheden by tsjerke Aldetrine

05 jun 2019 - 22:13

By it slaan fan pealtsjes by de tsjerke oan de Kerkhofslaan yn Aldetrine is woansdeitejûn in gaslieding rekke. Yn ôfwachting fan monteurs fan netwurkbehearder Liander hat de brânwacht fan Wolvegea it lek tichte mei sân.

Foto: Kappers Media

By it slaan fan de pealtsjes gie der ien dwers troch de gaslieding hinne. Yntusken is Liander yn Aldetrine oankaam om it lek te meitsjen. De Kerkhofslaan wie fanwege it lek in skoftke ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)