Ierdswellen kreakje sânbulten yn Marsum
By Marsum binne woansdei twa bulten sân ôfset, omdat der ierdswellen yn briede. It giet om sânbulten dy't brûkt wurde foar de werynrjochting fan it gebiet dêr't earder de provinsjale dyk tusken Marsum en Deinum trochhinne rûn.
It ôfsetten is in gearwurking tusken meardere organisaasjes, dy't sa foarkomme wolle dat der minsken op de bulten klimme en de nêsten ferniele. Ek sille de bulten foarearst net ferpleatst wurde. Dat wurdt pas dien as it briedseizoen foarby is en de nêsten ferlitten binne.