Ynslaggen fan bliksem registrearje, hoe wurket dat?

De telefoan stie woansdei nei it nachtlike ûnwaar readgleon by Van der Heide Bliksembeveiliging yn Drachten. In soad minsken bellen mei fragen oer oft der ynslaggen west hiene en op hokker ôfstân. By Van der Heide kinne se byhâlde wêr't en hoe heftich de bliksem ynslacht. Mar hoe dogge se dat?
Waarskea
Benammen yn it easten fan Fryslân hat it needwaar tiisdeitejûn en -nacht ta in soad skeameldingen laat, mar de hiele provinsje hie te krijen mei de swiere tongerbuien. Alle meldingen fan tonger kamen binnen by it bedriuw yn Drachten. "Wij hebben in Nederland vier sensoren staan en die zijn gekoppeld, Europees, met 140 andere sensoren", fertelt Erik Sijbring fan Van der Heide Bliksembeveiliging. "Vanuit de bliksem wordt een elektromagnetische pulse gegenereerd en die wordt door die sensoren opgevangen."
Troch trije-, fjouwer- en fiifpuntsmjittingen wurdt dan it plak fan de ynslach bepaald. It bedriuw docht ûndersyk mei de universiteit fan Grins op it mêd fan bliksem. Sijbring: "Wij weten eigenlijk niet precies waar de voorkeur van de bliksem ligt. Waar wil die inslaan? En dat is voor ons natuurlijk als beveiliger, koper op het dak zal ik maar zeggen, ontzettend interessant."
It Hearrenfean © Albert Thibaudier
Foar de bliksembefeiligers is it ideaal om presys te witten wêr't de bliksem ynslacht en miskien wurdt it yn de takomst ek mooglik om sa'n ynslach te foarspellen. De ynformaasje oer de tonger komt rjochtstreeks binnen by it bedriuw. "Ik kan niet voorspellen of het vanavond of morgen gaat onweren, maar ik kan wel echt live zien of de inslagen nu op Ameland zijn of in Zuid-Limburg", seit Sijbring.
Mei dy kennis befeiliget en warskôget it bedriuw ek festivals, sadat dy passende maatregels nimme kinne by needwaar.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de bliksembefeiligers fan Van der Heide yn Drachten