Suskes Jasper ferlieze mei follybalfroulju yn Nations League ek fan Sina

05 jun 2019 - 20:09

De Nederlânske follybalfroulju hawwe ek de twadde wedstriid yn Hongkong ferlern. Gastlân Sina wie yn it duel yn de Nations League fierstente sterk, 3-0 (25-16, 25-19 en 25-19). By Nederlân starte de Friezinne Marrit Jasper yn de basis, har jongere suske Hester Jasper mocht yn de twadde en tredde set ynfalle.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Oranje spile yn de earste set noch aardich en by in 15-18 tuskenstân wie de efterstân noch te oerbrêgjen. Yn de slotfaze fan dy earste set rûn de marzje lykwols hurd op. Tanksij in sterke servicerige fan Xia Ding wûn Sina de iepeningsset mei 25-16.

Yn set twa kaam Nederlân, krekt as tiisdei tsjin Italië, net op har beste nivo. Nettsjinsteande in tal fan moaie punten oan de ein fan de set fan ynfalster Hester Jasper gie ek de twadde set nei Sina: 25-19.

Yn de tredde set mocht Hester Jasper begjinne op de posysje fan Nicole Oude Luttikhuis. Oranje sette noch goed útein, mar seach al gau tsjin in grutte efterstân oan. Sina krige op 24-16 har earste wedstriidpunt, maar benutte dy net direkt. It wie Marrit Jasper dy't noch trije kear ta skoaren kaam foardat de ploech fan coach Lang Ping de klus ôfmakke: 25-19.

De follybalsters wûnen twa fan de acht wedstriden yn de Nations League, dy't brûkt wurdt as tarieding op it olympysk kwalifikaasjetoernoai en it EK. Tongersdei folget yn Hongkong noch in moeting mei Japan.

(advertinsje)
(advertinsje)