Eaststellingwerf makket balâns op nei stoarm: 44 beammen om en tsientallen skansearre

05 jun 2019 - 19:04

It needwaar fan tiisdeitejûn en -nacht hat de ynwenners en meiwurkers fan de gemeente Eaststellingwerf ek woansdei noch de hiele dei yn de besnijing hâlden. De gemeente krige om 23.45 oere de earste melding fan in omwaaide beam yn Makkingea. Dêrnei stie de telefoan net mear stil.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Wethâlder Jouke Jongsma seit dat der sa'n 44 beammen omwaaid binne yn syn gemeente en dat kinne der neffens him noch wol mear wêze. Fierders binne der tsientallen beammen swier skansearre rekke en is der in tal dat driget om te fallen. Jongsma: "Dy wurde keal makke, om der foar te soargjen dat se gjin gefaar mear opleverje, en wêr mooglik derôf helle."

Oan de Wester Es yn Appelskea waaiden fyftjin beammen om, guon fan hast hûndert jier âld. Ien fan de beammen waaide op in hûs, as by in wûnder rekke net ien ferwûne. Ek op tal fan oare plakken waaiden beammen om, sa as yn Donkerbroek, Easterwâlde, Makkingea en Waskemar.

Neffens de wethâlder waard der fuortendaliks aksje ûndernaam nei de earste meldingen fan stoarmskea. "Der binne fuort trije heechwurkers en houtfersnipperders ynset." Boppedat hat de gemeente regionale oannimmers ynskeakele foar it opromjen en wie 75 prosint fan de eigen minsken fan behear en ûnderhâld de hiele dei yn 't spier om foar te kommen dat der de kommende nacht opnij beammen omfalle kinne. Jongsma: "We binne fansels hiel bliid dat der net ien ferwûne rekke is. Dat stiet foarop, want it hie hiel oars kind."

Woansdeitenacht is der opnij kâns op rûch waar mei tonger, hagel en wynstjitten. Fierder falt der in soad rein mei kâns op wetteroerlêst, ferwachtet waarman Piet Paulusma.

Wethâlder Jouke Jongsma fan Eaststellingwerf oer de stoarmskea yn syn gemeente

Trefwurden: 
skea stoarm Eaststellingwerf
(Advertinsje)
(Advertinsje)