Earste petearen mei fiskers oer fergoeding troch kontenerskea 'posityf' ferrûn

05 jun 2019 - 17:30

De earste petearen tusken yndividuele fiskers en ekspertizeburo BMT oer de skea troch kontenerôffal binne goed ferrûn. Dat seit sekretaris Derk Jan Berends fan de Nederlandse Vissersbond en de gearwurkjende fiskersorganisaasjes (CVO). Dy skowe ek oan by dit soarte petearen om de fiskers te stypjen.

Foto: Sarah Verroen

BMT is ynskeakele, omdat benammen garnalefiskers in soad lêst en skea hienen fan de lading út de 342 konteners dy't begjin jannewaris fan de MSC Zoe boppe de Waadeilannen yn see bedarre. Dy skea wolle sy fergoede ha en it buro ûnderhannelet mei harren oer dy skea.

"De eerste gesprekken waren positief", seit Berends. Hy hat de yndruk dat sy 'ontvankelijk' binne foar wat de fiskers oankaarte en wol ek ôfspraken meitsje oer fergoedingen op de lange termyn. Want ek yn de takomst kinne fiskers noch skea ha fan wat der noch op de seeboaiem leit.

Tusken 2500 en 6500 euro

De skeabedraggen fan de fiskers dy't oant no ta in petear hân hawwe, ferskille nochal, mar lizze tusken de 2500 en 6500 euro.

De fiskers kinne letter noch in rol ha by in proef wêrby't lytsere ladingsrestanten fan de seeboaiem ôfhelle wurde. Berends hopet dêroer letter dizze moanne it petear oan te gean mei BMT. Der is no noch gjin jild oermakke en mei noch lang net alle belutsen fiskers is der praat oer de skea. Mar de earste yndruk is goed.

(advertinsje)
(advertinsje)