Hans de Boer (VNO-NCW) oer pensjoenakkoart: "It hat in soad nachtrêst koste"

05 jun 2019 - 17:14

Nei jierren fan oerlis binne de polder en de polityk it iens wurden oer in nij pensjoenakkoart. It stik telt 21 siden, mar de kearn is: de AOW-leeftiid giet nei 67 jier, mar minder fluch as earder de bedoeling wie.

Foto: ANP

En yn mindere tiden kin it pensjoen omleech gean. No moatte de fakbûnen it noch oan de leden foarlizze. Hans de Boer fan Wytmarsum is bliid mei it nije akkoart. Hy is de foaroanman fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.

"As wurkjouwers binne we bliid dat it safier kommen is. It is maatskiplike winst en ek ekonomyske winst. Benammen maatskiplik wie der lang ûnrêst oer de pensjoenleeftiid, de hichte en hoe om te gean mei swiere beroppen. It is net inkeld in plan, mar it jout antwurden op fragen dy't te krijen ha mei de fergrizing. Der komt ek in bult jild by. Dit hiele plan kostet fjouwer miljard euro ekstra yn it jier struktureel. Dat jild kinne we no net mear útjaan oan oare saken as ynfrastruktuer en feilichheid."

Dat is de muoite wurdich, want it giet elk oan neffens De Boer. "Aldere minsken meitsje har soargen, jongeren moatte preemjes betelje, mar hoe komt it mei myn pensjoen, hoe lang moat ik trochwurkje? Op al sokke fragen ha we no antwurd, dit stik moat rêst jaan. It is in ynvestearring yn ús sosjale ynfrastruktuer."

Fiif jier wie De Boer by de ûnderhannelingen belutsen. "Oaren hjir op kantoar binne der al njoggen jier mei dwaande." De finansjele middelen binne no wat rommer, dus dêrom is it plan der no lang om let. "It hat in soad nachtrêst koste."

Hans de Boer

De FNV en CNV sille it akkoart foarlizze oan de leden. De útslach is 15 juny.

(advertinsje)
(advertinsje)