Rouboerd fan 'ûnbekende' soldaat yn Martinustsjerke Gytsjerk

Echt in ûnbekende soldaat is it net, want de namme stiet op syn rouboerd yn de Martinustsjerke fan Gytsjerk. Mar fan Frederik Willem van Meyers, ferstoarn yn 1742, is net folle mear bekend as dat er yn it leger fan de Prins van Oranje siet. Dochs is syn ryk fersierde rouboerd sekuer restaurearre.
Rouboerd fan 'ûnbekende soldaat' yn Gytsjerk
It rouboerd fan de militêr is net mear kompleet, fertelt restaurator Randolph Algera. Eartiids hie it folle mear fersieringen as no. De noch wol oanwêzige ornaminten wiene yn hiel minne steat. Algera: "Als je er op duwde, drukte je zo je vingers erdoor. Het was helemaal weggevreten door houtworm. Alleen het bovenste, kunststofachtige verflaagje zat nog."
Yn de tsjerke hingje ek noch de roubuorden fan twa oare 18e-iuwske bewenners fan de eardere state Poelzicht yn Gytsjerk: in advokaat Frisius en in boargemaster Frisius.
© Omrop Fryslân, René Koster
Omrop Fryslân stjoert in rige út oer bysûndere rou- of memoarjebuorden yn it tv-programma Fryslân Hjoed. Yn it radioprogramma Buro de Vries wie in reportaazje oer de roubuorden fan Gytsjerk te hearren.