Eksplosiven romme dy't by kontenersyktocht MSC Zoe fûn binne

Yn de Noardsee boppe Skiermûntseach, It Amelân en Skylge binne de ôfrûne wike eksplosiven romme. It giet om seeminen út de Twadde Wrâldoarloch. Dat meldt RTV Noord. De eksplosiven waarden earder dit jier oantroffen by de sykaksje nei de oerboard sleine konteners fan de MSC Zoe.
© Rijksoverheid
It opromjen waard dien troch in NAVO-float dy't seeminen yn de Europeeske wetteren ûnskealik makket. Mei-elkoar giet it om tsien seeminen. Neffens it ministearje fan Definsje bart it net faak dat der safolle minen yn ien kear fûn wurde.
Omdat inkele fan dy minen tichtby piipliedingen en kabels leine, moasten dizze earst ferpleatst wurde nei in feilige lokaasje foardat se ta ûntploffing brocht wurde koene.