Omrop Fryslân telefyzje mooglik yn takomst te sjen op NPO 3

05 jun 2019 - 16:37

De telefyzjeprogramma's fan Omrop Fryslân binne yn de takomst te sjen op de lanlike stjoerder NPO3. Dat melde boarnen yn Den Haag oan ûnder oaren de NOS, RTL en de Telegraaf.

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De koälysjepartijen binne it iens wurden oer feroaringen by de publike omrop. Dat betsjut ûnder oare in hiele oare ynfolling fan NPO 3. Mar der soe ek in akkoart wêze oer it skrassen fan de reklameblokken op de telefyzje oant 20.00 oere. Ek de reklame op ynternet soe ferdwine.

Wat de konsekwinsjes foar de regionale omroppen binne, is noch net dúdlik. Minister Slob wurket noch oan in brief oan de Twadde Keamer, sa seit syn wurdfierder tsjin de NOS. It is noch ûndúdlik wannear't dizze brief ferstjoerd wurdt.

Noch gjin reaksje regionale omroppen

De regionale omroppen reagearje noch net en wachtsje earst de brief fan de minister ôf.

Omrop Fryslân stjoert by wize fan proef sûnt 1 april al it nijsprogramma 'Kijk op Fryslân' út, nei it NOS-sjoernaal fan 18.00 oere op NPO 2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)