Stefan Boersma striidt yn july mei Nederlânsk CP-fuotbalteam om WK-winst

Stefan Boersma fan De Jouwer spilet dizze simmer it WK CP-fuotbal yn Sevilla. Hy is keeper fan it Nederlânsk alvetal mei spilers dy't in breinskansearring hawwe. Hy soe it geweldich fine as Fryslân en Nederlân wat mear te witten komme soenen oer de spesjale wrâldkampioenskippen fuotbal.
© KNVB
"By myn berte haw ik in breinskansearring oprûn", begjint Boersma oer syn handicap. "Dat hat as gefolch dat ik in motoaryske beheining oan myn rjochterkant haw. De fine motoryk is dêrtroch wat minder en ik haw wat minder krêft oan dizze kant."
"Oan de bûtenkant sjochst net dat ik in beheining haw, of moatst der echt nei sjen. As ik bygelyks in dokter in hân jou, sjogge sy it wol fuortendaliks."

Fuotbal hat altyd in passy west

Boersma spilet syn wedstriden gewoanwei by it twadde fan SC Joure. Hy is alris earder oproppen foar de paralympyske Oranje-ploech. Der binne yn totaal 14 seleksjespilers dy't oan it WK yn Sevilla begjinne. It fuotbaljen is him net frjemd. "Myn âlden binne opgroeid mei it fuotbaljen en myn broer fuotballet ek."
"Ik bin keeper wurden om't ik motoarysk minder wie yn it fjild. Doe hawwe sy my yn de goal set. Dat fûn ik hiel leuk en dat bliek ik ek noch aardich te kinnen."
"Ik bin hiel grutsk dat ik foar Nederlân útkomme mei", seit Boersma oer syn seleksjeplak. "Op sa'n toernoai is it fansels hielendal moai." Fuotballers kinne harren oanmelde foar seleksjedagen foar it team, mar dat hie Boersma net nedich. "Sy hawwe my frege, sa'n tsien jier lyn. Ik bin by de KNVB begûn yn de JO-17 en nei de JO-19 frij fluch trochskood nei de A-seleksje."

Wat binne de kânsen?

Oer de kânsen fan Oranje is Boersma net pessimistysk, mar it wurdt wol dreech. "Wy sitte by Ruslân, Tailân en Kanada yn de pûl. Op it earste each gjin grutte fuotballannen, mar Ruslân is de Wrâld- en Europeesk kampioen en hat de Olympyske Spelen wûn, dus dat wurdt in drege wedstriid. Wy moatte soargje dat wy de oare twa potten winne en dan nei de kwartfinale gean."
Stefan Boersma
It WK fynt plak fan 2 oant en mei 19 july en wurdt hâlden op it trainingskompleks fan de Spaanske topklup Sevilla FC.