HEA! "Elke plant is een belofte"

05 jun 2019 - 15:00

Fran Heemskerk fan Ljouwert is sljocht op planten en hat de wrâld oan stekjes. Earst dielde se de stekjes ûnder freonen en famylje út, mar doe't dy der sa stadichoan ek yn omkamen, is se in lyts hanneltsje begûn. "Elke plant belooft iets. Dat uit een zaadje zoiets moois kan komen". Fran wurke 32 jier as salesmanager, mar dêr hie se har nocht fan. Se is op syk nei wurk dêr't se gelokkich fan wurdt. Se wurdt lokkich fan it wurkjen mei har stekjes, mar ja, it moat ek wat opsmite.

Trefwurden: 
Ljouwert Hea! stekjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)