Nard Brandsma wol op spikes nei fierljeprekôrs

05 jun 2019 - 14:55

De iennige ljepper yn de Topklasse dy't ea oer de 21 meter ljepte is Nard Brandsma. Mei in persoanlik rekôr fan 21,54 meter is hy dan ek de grutte favoryt foar de haadprizen. Mar de man dy't ferline ferline jier gemiddeld 20,30 meter sprong en it klassemint wûn stiet no net iens yn de top 5. Hoe kin dat?

Yn 'e winter traint Nard Brandsma op 'e atletykbaan op spikes, en dat befalt poerbêst. It draven giet flugger, en as je dy snelheid meinimme nei de skâns kin de pols in stik fierder stean en is in hegere ôfstân mooglik. "De spikes binne in upgrade fan myn outfit, it draaft supermoai! It klimmen slagget noch net hielendal...", seit er sels.

Te min grip yn 'e pols

"It is in upgrade fan myn outfit, it giet lekker op spikes en it rint supermoai". Brandsma fynt it skande om sûnder spikes op 'e barte te stean, want "op bleate fuotten is de power fuort". Neidiel is lykwols dat it klimmen mei spikes oant no ta minder giet. Brandsma hat te min grip by it klimmen. "Ik wit wol dat it kin, dêr sit ik seker net oer yn!"

Nard Brandsma - Foto: Martin de Jong

De prestaasjes falle oant no ta net ta. Yn fjouwer wedstriden kaam Brandsma net fierder as twa fiifde en twa seisde plakken en syn bêste sprong is offisjeel 18,20 meter. Dochs hâldt Nard Brandsma fertrouwen.

Yn It Heidenskip ljepte hy al ien kear oer de 20 meter, mar dy sprong waard ôfkard om't hy bûten de tiid ljepte (read ljocht). Neffens Brandsma is it lykwols in kwestje fan tiid dat de fiere sprongen wer komme. De topfoarm moat der yn augustus wêze by it FK en it NK.

Nard Brandsma by it Keningsljeppen yn Burgum - Foto: Martin de Jong

Kroanprins fan it Fryske ljeppen

Op de ranglist fan alle tiden stiet Nard Brandsma op it tredde plak mei in sprong fan 21,54 m, achter Jaco de Groot (22,21) en Bart Helmholt (21,64). Helmholt is yn 2016 ophâlden, mar noch altyd Frysk rekôrhâlder. Brandsma wurdt sjoen as syn opfolger.

Regearjend Nederlânsk kampioen Oane Galama stiet fjirde mei in pr fan 21,40 m, mar wennet no yn Nij-Seelân en kin syn titel dus net ferdigenje.

Bêste Fryske ljepper

As je sjogge nei de pr's yn 'e topklasse fan dit jier stiet Thewis Hobma it tichtste yn 'e buert mei 20,90 meter. Ysbrand Galama (20,77) en Sytse Bokma (20,75) sitte dêr flak achter.

De jonge garde mei Freark Kramer (20,44), Jan Teade Nauta (20,07), Bobby Zwaagman (19,99) en Rutger Piersma (19,71) steane no noch op gruttere ôfstân.

Op papier is Brandsma dus de bêste Fryske ljepper. Mar nei fjouwer wedstriden stiet hy dit seizoen no noch bûten de top 5 yn de topklasse.

Yn Winsum stiet woansdeitejûn it fierljeppen yn de earste klasse op it programma. It begjint 19.00 oere.

Fierljeppen: Top 10 aller tiden (Hollanners en Friezen)

1. Jaco de Groot 22,21 m NR
2. Bart Helmholt 21,64 m FR
3. Nard Brandsma 21,54 m
4. Oane Galama 21,40 m
5. Erwin Timmerarends 21,33 m
6. Rian Baas 21,17 m
7. Thewis Hobma 20,90 m
8. Wouter van Midden 20,84 m
9. Thomas van Midden 20,80 m
10. Ysbrand Galama 20,77 m
(Advertinsje)
(Advertinsje)