Utspraak yn sjitpartij Thialf-saak: 30 moannen sel

05 jun 2019 - 13:42

De man dy't fertocht wurdt fan it besjitten en ôfparsjen fan Clafis-baas Bert Jonker moat tritich moannen mei ôflûk fan foararrest de sel yn. Neffens de rjochter wie der gjin sprake fan moard of deaslach, mar kin swiere mishanneling en ôfparsing bewiisd wurde. Der wie fiif jier finzenisstraf tsjin de man easke.

Bert Jonker, direkteur fan reedrydsponsor Clafis, woe op 7 jannewaris 2017 nei hûs doe't hy by it Thialfstadion op It Hearrenfean oansprutsen waard troch de fertochte. Dy woe ferhaal helje oer de mislearre oername fan syn bedriuw. Dêrby is sketten en rekke Jonker ferwûne oan syn hân.

Beide manlju ha oer wat der krekt bard is dy jûn in folslein oar ferhaal. Jonker seit dat de fertochte in pistoal luts, de fertochte seit dat it krekt Jonker wie dy't in wapen by him hie. De rjochter fûn de ferklearring fan Jonker leauweardiger. Hy achte swiere mishanneling bewiisd.

De fertochte moat 8.000 euro skeafergoeding betelje en moat fuort de sel yn.

De fertochte Charles van der W. is nei it ynsidint útnaaid. Fia België kaam hy yn Spanje telâne. Dêr is hy oppakt en útlevere oan Nederlân.

Foto: CAMJO Media

Marc Brinksma, parserjochter

Reaksje advokaat fertochte

Advokaat Tim Vis fan de fertochte lit yn in earste reaksje witte dat syn kliïnt frijsprutsen is foar poging ta deaslach. Dochs is Vis net tefreden oer it feit dat syn kliïnt noch altyd ferantwurdlik hâlden wurdt foar it letsel fan Jonker. Dat om't dúdlik wurden is dat der net mei kûgels sketten is. Vis moat it fonnis noch bestudearje en besjocht dan oft se yn heger berop geane. Dat jildt ek foar it Iepenbier Ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)