Stoarmskea yn Appelskea: fyftjin beammen omwaaid

Op de Wester Es by Appelskea binne fyftjin beammen binne omwaaid oan de dyk troch de stoarm tiisdeinacht. Omwenners rûnen woansdeitemoarn de dyk op en ôf om te sjen wat de skea krekt wie.
Tonger- en reinbuien soargje foar skea yn Fryslân
Omwenners fan de Wester Es
In krantebesoarger wie om healwei fiven al op de dyk. Hy skrok fan wat er seach. "Fan de rotonde ôf oant de Posthoorn lizze de beammen om. Fierderop hielendal net."
In hûs yn oanbou is krekt oan in beam ûntkaam. "Dat had heel anders kunnen aflopen. Het is net goed gegaan, de boom is langs de kraan gegaan. Ik dacht vanochtend ik moet maar even gaan kijken. De hele straat was een grote ravage. De wortels zijn allemaal doodgegaan door het asfalt."
Ien hûs is troffen troch in beam dy't dwers troch it dak fan in sliepkeamer hinne gie. It is in wûnder te neamen dat net ien ferwûne rekke is, want it bern dat dêr gewoanwei sliept, lei yn it sikehûs.