Skotske Heechlanners en ponnys kinne ûnder de Sintrale As troch

Skotske Heechlanners en Exmoor-ponnys oan wjerskanten fan de Sintrale As by De Falom kinne tenei by elkoar op besite. De elektryske rasters dy't de bisten by de dêrfoar bedoelde fee-oergong fuorthâlde, hat behearder Staatsbosbeheer opromme.
Skotse Hooglanders en pony's kinne no ûnder de Sintrale As troch
De oergong wie net hielendal neffens plan oanlein, wêrtroch't it net feilich wie om te brûken. De 30 bisten kruse de Haadwei mei in fytspaad dêr't fytsers, kuierders, hynsteriders en autoferkear delkomme. In ferkearsdrompel moat derfoar soargje dat it autoferkear it wat rêstiger oandocht.
It raster dat de fee-oergong fee frij hâld, wurdt fuorthelle © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Foar de hynsteriders is der in elektrysk stek kommen, dat mei in knop op hichte te betsjinjen is. It stek giet ek automatysk wer ticht sadat it fee net by de ynwenners fan De Falom yn de tunen bedarret.
De fyftich meter brede oergong ferbynt It Houtwiel mei de Falomer Leyen. Earder is al in wiete ferbining oanlein tusken beide gebieten dy't ûnder oare troch otters brûkt wurdt.
It is de earste kear yn Fryslân dat fee fan Staatsbosbeheer him op dizze wize mingt mei it ferkear op in iepenbiere dyk. En dat is bêst wol spannend, fine sy ek by de natuerbehearder.
De fee-oergong by de Falom. © Remco de Vries, Omrop Fryslân